Reade tried: Wat binne jo ûnderfinings mei de nije soarch?

26 jan 2015 - 05:59

Dat is de fraach hjoed yn de Reade Tried. Op 1 jannewaris gie de nije soarchwet yn. Dat betsjutte dat in soad ferantwurdlikheden oergiene fan it ryk nei gemeenten. It ferhaal wie ek, dat it ryk wol de ferantwurdlikens oerdie, mar der net genôch jild by joech. Der soe dus besunige wurde moatte op bygelyks de thúshelp. Dêr kaam by: gemeenten hiene dêr gjin ûnderfining mei, dus hoe goed of hoe min soene dy op dy nije wet taret wêze?

We binne no in moanne fierder en binne benijd nei jo ûnderfinings. Wat is der foar jo feroare en is dat goed of net? Hoe ferrint it kontakt mei de gemeente? Is alles makliker wurden no't it tichteby hûs is of krekt net?

Jo kinne hjirûnder reageare of fia de mail: readetried@omropfryslan.nl. Jo kinne ek meiprate fia Facebook of belje mei 058 - 70 09 777. Dan kinne jo in reaksje ynsprekke op it antwurdapparaat.

Trefwurden: 
Reade tried
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)