Trappearre winkeldief bedriget personiel

23 jan 2015 - 14:34

De plysje yn Ljouwert hast tongersdei in 57-jierrige winkeldief út de stêd oanhâlden. De man waard yn in winkel oan de Eastersingel trappearre. Hy bedrige de meiwurkers fan de winkel doe't dy him op de stellerij oansprutsen. De plysje waard belle en dy naam de man mei nei it buro. De dief moat him foar de rjochter ferantwurdzje.

Trefwurden: 
Ljouwert winkeldief
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)