Knegt en Breeuwsma pleatst foar heale EK-finales 1500 m

Untlading by Sjinkie Knegt nei de finish © ANP
Shorttrackers Sjinkie Knegt fan Bantegea en Daan Breeuwsma fan Akkrum hawwe harren freed op it EK shorttrack yn Dordrecht oertsjûgjend pleatst foar de heale finales op de 1500 meter. Knegt wûn syn heat, Breeuwsma moast allinnich de Rus Ruslan Zacharov foargean litte en einige as twadde. De bêste riders fan elke heat pleatse harren foar de heale finales dy't sneon ferriden wurde.
De manlju ride freedtemiddei ek nog harren heats op de 500 meter, de 1000 meter en op de ôflossing.