Cambuur seleksje hast foslein fit

De Cambuur seleksje is foar de thúswedstriid tsjin koprinner PSV hast folslein fit. Allinnich Michiel Hemmen is blesseard. Hy hat lêst fan de rêch. Cambuur trainer Henk de Jong woe noch neat oer de opstelling kwyt. "Miskien feroarje ik wat lytse dinkjes", sa sei hy freed nei de training. De Cambuur trainer is bliid mei de komst fan Mikhail Rosheuvel. "Hy is is rap en dat is belangryk foar it spul dat wy spylje wolle", sa sei de tainer.