Drankrider sûnder rydbewiis moat dna ôfstean

(foto-ympresje) © ANP
In 33-jierrige automobilist sûnder fêst wenplak is yn de nacht fan tongersdei op freed op de Egelantierstrjitte yn Ljouwert oanhâlden om't er mei drank op achter it stjoer siet. De man hie boppedat gjin rydbewiis. Om't er al twa kear earder foar itselde oanhâlden is, moat de man him foar de rjochter ferantwurdzje. Dêrneist moast de man ek noch dna ôfstean. Hy sit om dy reden noch fêst.