Crowdfunding foar restaurant mei beheinden yn Hieslum

In wurklearbedriuw yn Hieslum siket minsken dy't jild stekke wolle yn harren nije restaurant. Op 'e Timpe is fan doel in ytgelegenheid te iepenjen dêr't minsken mei in beheining wurkje. Dy sille se sels opliede. De bank wol net meiwurkje en se hawwe no in bedriuw yn de earm naam dat oan crowdfunding docht. Der is sawat 60.000 euro nedich. De earste 10.000 euro is al binnen.
Banken wurde binne hoedener wurden yn it jaan fan lienings. Dêrom moatte soarchoanbieders it hieltyd mear sykje yn it sykjen fan mienskipsstipe.