Tenei minder keapsneinen yn Stiens

23 jan 2015 - 06:16

It tal keapsneinen yn de gemeente Ljouwerteradiel giet werom fan njoggentjin nei njoggen yn it jier. Dat hat de gemeenteried tongersdei besletten. De diskusje oer de keapsneinen soarge de ôfrûne dagen foar in soad argewaasje by de Stienzer ûndernimmers. Guon winkels mochten sûnt koart alle sneinen iepen wêze, oare winkels meie dat ien kear yn de moanne.

Boargemaster en wethâlders wolle dat tal no wer ferminderje, ta grutte teloarstelling fan de ûndernimmers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)