Jonge befeiligers pakke oerlêst fan oare jongeren oan

Jongeren dy't sels de oerlêst fan hingjongeren oanpakke. Op It Hearrenfean dogge se dat, en it liket goed te wurkjen. Erik de Haan en Jelmer Mulder kamen goed twa moanne lyn mei it idee.
Se diene al langer befeiligingswurk by jongeresintrum Casa. Doe't se seagen dat der in probleem wie mei hingjongeren by de Albert Heijn yn it sintrum binne se yn petear gien mei de winkel. Nei it oerlis is it eksperimint úteinset. En it liket te wurkjen. De klanten binne yn alle gefallen bot te sprekken oer de jonge befeiligers.