Arbeidsprojekt fan Pastiel krijt 32 minsken wer oan it wurk

22 jan 2015 - 18:59

In projekt fan de provinsje soarget derfoar dat 32 minsken dy't yn de bystân sitte wer oan it wurk kinne. Yn gearwurking mei Pastiel, dy't minsken mei in útkearing wer oan it wurk helpe wol, en it bedriuw Polem kinne de 32 dielnimmers in technyske oplieding folgje.

Der sit in kontrakt foar in healjier oan ferbûn mei in opsje foar noch in healjier. Neffens Trijn van der Meulen, direkteur fan Pastiel, is de kâns grut dat wurkjouwers de kandidaten langer oan it wurk hâlde. Foar dit projekt binne alle plakken fersein.

Omdat it projek suksesfol is, prate Pastiel en de provinsje oer in twadde groep dy't starte kin mei dit projekt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)