Wim Anker útroppen ta meast wurdearre advokaat fan Nederlân

22 jan 2015 - 18:27

Advokaat Wim Anker fan Anker & Anker advokaten yn Ljouwert is woansdeitejûn útroppen ta meast wurdearre advokaat fan Nederlân. Dat barde op in kongres yn Utrecht organisearre troch Advocatenblad. Wim Anker hat de titel krigen út namme fan kollega-advokaten.

Der wienen trije advokaten nominearre foar de titel. Wim Anker sei koartlyn yn in kollum dat hy de titel oan syn broer Hans opdrage woe as er de titel winne soe.

Sjoch hjir it promofilmke fan Wim Anker makke troch Advocatenblad.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)