Reade Tried: Hoe fiere jo it leafst fakânsje?

Hoe fiere jo it leafst fakânsje?
De Caravana begûn juster yn it WTC Expo yn Ljouwert en it liket wol of is alles hjoed-de-dei lúkser, grutter en djoerder as it om kampearen giet. Der steane op dy Caravana campers fan twa ton. Dat ropt by ús de fraach op hoe't jo it leafst fakânsje fiere. Binne je fan de lúkse of mear 'back to basics'. Sykje je moai waar en in strân op of geane je foar de kultuer? Mei it wat kostje of lette je dochs noch goed op de sinten?
Jo kinne hjirûnder reageare of fia de mail: readetried@omropfryslan.nl. Jo kinne ek meiprate fia Facebook of belje mei 058 - 70 09 777. Dan kinne jo in reaksje ynsprekke op it antwurdapparaat.