Fakbûnen CNV en FNV yn aksje tsjin Aedes

22 jan 2015 - 14:56

De fakbûnen FNV en CNV komme nei alle gedachten begjin febrewaris yn aksje tsjin de wurkjouwersferiening fan wenningkorperaasje Aedes. Neffens de fakbûnen hâlde de korperaasjes harren net oan de pensjoenôfspraken fan it kabinet. Dêryn is fêstlein dat de pensjoenpreemje fan wurknimmers en wurkjouwers mei yngong fan dizze moanne omleech giet.

De ferleging fan de wurkjouwers moat útkeard wurde oan de wurknimmers. Mar de leden fan Aedes wegerje dat. Sy stekke de preemjeferleging yn eigen bûse, sizze de fakbûnen.

De ûnderhannelings mei Aedes oer in nije CAO, dêr 't dit punt in ûnderdiel fan is, lizze al sûnt ein novimber stil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)