Hûnderten minsken by betinking yn Dokkum

Sa'n 600 minsken wienen tongersdeitemoarn yn Dokkum by de betinking fan de tweintich ûnskuldige minsken, dy't presiis 70 jier lyn deasketten waarden troch de Dútsers. Under de oanwêzigen wiene njonken neibesteanden en feteranen ek ûngefear 500 learlingen fan it Dockinga College. Yn de Fonteintsjerke droegen learlingen gedichten, ferhalen en ferskes foar. Dêrnei waarden der krânsen lein by it monumint yn de stêd.
De betinking yn Dokkum is de earste Twadde Wrâldoarloch-betinking yn 2015. It is dit jier 70 jier lyn dat Nederlân befrijd waard.