Sven Kramer lit 1500 meter op seleksjewedstriden sjitte

22 jan 2015 - 13:35

Sven Kramer docht freed net mei oan de 1500 meter by de seleksjewedstriden op Thialf. Kramer wol him rjochtsje op de 5 kilometer, dêr't in dei letter de seleksjewedstriden foar hâlden wurde. By de wedstriden wurdt der striden om in plakje op it WK ôfstannen yn Thialf.

Neist dat Kramer it toernoai op Thialf te swier fynt, kin er him ek net fine yn it programma fan it WK. Dêr wurde twa ôfstannen, wêrûnder de 1500 meter, op ien dei ferriden. Kramer fynt dat tefolle en lit dêrom de 1500 meter sjitte om't er dêr de minste kâns hat op súkses.

Ek Douwe de Vries lit de seleksjewedstriid foar de 1500 meter sjitte en rjochtet him lykas Sven folslein op de 5 kilometer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)