Tal Friezen mei in útkearing groeit

22 jan 2015 - 11:06

It oantal WW-útkearings yn Fryslân is yn desimber flink omheech gong. Fryslân telde oan de ein fan 2014 mear as 20.000 minsken mei in útkearing. Dat is in groei fan 10 prosint. De grutste klappen foelen yn de bousektor, de lânbou en by útsjoerburo's.

Neffens it UWV is der sprake fan in ynhelslach. Om't it waar sa lang goed bleau, gie it seizoenwurk langer troch. Dy minsken komme no as noch yn de WW.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)