Nominaasje Zilveren Camera foar Catrinus van der Veen

21 jan 2015 - 22:34

De Fryske parsefotograaf Catrinus van der Veen is twa kear nominearre foar de Zilveren Camera. Ien kear yn de kategory 'Binnenlands Nieuws' mei in foto fan minister Kamp dy't fan achter in rút nei in protest fan Grinzers tsjin de gaswinning sjocht.

Yn de kategory 'Natuur en Milieu' is hy nominearre mei in foto fan de earste reedriders op it Fryske natoeriis. Kommende snein wurdt dúdlik oft Van der Veen ek wûn hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)