Teatermakker fan De Tike oan it wurk foar Herman van Veen

© Foarstelling 'Lijn 20' fan Folkert Wesseling
De 20-jierrige teatermakker Folkert Wesseling fan De Tike is troch Herman van Veen frege om rûnliedings te fersoargjen op syn bûten yn Soestduinen. Herman van Veen kocht it lânhûs mei filla in tal jierren lyn en hat it omtsjoend ta keunstsintrum.
Hy wol dat it brûkt wurdt as platfoarm foar jonge keunstners, lykas Folkert. Takom snein sil er de earste rûnlieding fersoargje. Dy moanlikse rûnlieding sil in mjuks wurde fan histoaryske feiten en fiktive ferhalen.