Undersyk azc De Fryske Marren duorret tal wiken langer

21 jan 2015 - 21:55

It ûndersyk fan gemeente De Fryske Marren nei in geskikte lokaasje foar in asylsikerssintrum duorret in tal wiken langer as yn earste ynstânsje pland wie. De gemeente sette begjin jannewaris útein mei de syktocht nei in geskikte lokaasje foar 500 persoanen yn of by Balk, De Lemmer of De Jouwer.

Ein jannewaris moast der mear dúdlikheid wêze, mar dy perioade blykt dochs te koart om in goed ûndersyk del te setten, sa stelt de gemeente. Begjin maart hopet de ûndersykskommisje har resultaten al presintearje te kinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)