Religieuze lieders yn Fryslân roppe op ta solidariteit

Moslimjongeren yn Fryslân fiele har lêstich fallen mei fragen hoe't sy tinke oer de ekstremistyske beweging IS. Nei de oanslaggen yn Parys bart it folle faker dat se har ferdigenje moatte. Dat seit dûmny Corry Nicolai fan It Hearrenfean.
Se hat mei de imam en de pandita -in Hindoeïstyske prysteresse- in oprop dien ta solidariteit. Dat inisjatyf is troch dizze trije religieuze lieders yn Fryslân betocht nei oanlieding fan de ûnrêst yn Parys. Se wolle dat minsken fan alle streamingen mei elkoar yn petear gean en begryp foar elkoar krije.