Sikehûs De Sionsberg yn Dokkum giet moandei iepen

Sikehûs De Sionsberg yn Dokkum giet kommende moandei iepen. De Sionsberg wie ûnderdiel fan soarchgroep Pasana dy't fallyt gong. De kontrakten tusken de nije eigeners en de syktekostefersekerders binne tekene en soarch kin levere wurde.
It ôfrûne wykein ha fertsjintwurdigers fan minsken út de regio op papier set wat sa'n nij sûnenssintrum foar soarch oanbiede moat. Doe is unanym keazen foar it plan fan de medysk spesjalisten. Dat plan liket op it plan fan de nije ynvestearders.
De nije ynvestearders binne ZuidOostZorg út Drachten, DC Klinieken van Loek Winter en Cardiologie Centra Nederland.