Reade tried: Wat is of wie jo favorite foarlêsboek?

De Nasjonale Foarlêsdagen begûnen juster en duorje noch oant en mei 31 jannewaris. De dagen binne bedoeld om âlders der ta oan te setten harren bern mear en faker foar te lêzen. Dat bringt ús op de fraach:
Wat is of wie jo favorite foarlêsboek?
En dêrby heart fansels ek de fraach: wêrom? Watfoar werinnerings hawwe je oan it foarlêzen eartiids of watfoar gefoel ropt it hjoed de dei op?
Jo kinne hjirûnder reageare of fia de mail: readetried@omropfryslan.nl. Jo kinne ek meiprate fia Facebook of belje mei 058 - 70 09 777. Dan kinne jo in reaksje ynsprekke op it antwurdapparaat.