Mûntsen sykje plak op Skiermûntseach

21 jan 2015 - 15:15

Trije mûntsen binne op Skiermûntseach sykje in geskikt plak foar in nij te bouwen kleaster. De mûntsen binne fan de Abdij Sion yn Diepenveen. Abdij Sion is fierstente grut foar de njoggen mûntsen dy't der noch sitte en dêrom wolle se in lytser plak ha.

Yn de goede dagen wiene der mear as fyftich mûntsen yn de abdij, mar dêr binne no noch njoggen fan oer. Neffens broeder Jelke, ien fan de mûntsen, binne op Skiermûntseach genôch gaadlike plakken foar in nij Cisterciënzerkleaster. Yn 2018 hoopje se op it eilân in nij kleaster bouwe te kinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)