Sân jier sel yn saak Olivier oplein

Yn de saak Olivier hat de Ljouwerter rochtbank sân jier sel oplein. Twa wiken lyn frege de offisier fan justysje sân jier sel en tbs mei twangferpleging. De 45-jierrige Ljouwerter wurdt fertocht fan deaslach op syn eks-freondinne Miranda Olivier. De rjochter achtet deaslach bewiisd. Hy leit gjin tbs op, want neffens de rjochter is de kâns hiel lyts dat er wer de fout yn giet. De fertochte wie net fan doel de frou te fermoardzjen. Hy hat 'onherstelbaar leed' oanrjochte.
Foar deaslach wurdt meastentiids acht jier sel oplein. De fertochte krijt straffermindering om't er sels ek swier oanslein is troch de dea fan syn eks. Ek hat er berou toand. Neffens de rjochter soe it slachtoffer in rol spile ha yn de oanlieding fan de rûzje ferline jier. De rjochter hat gjin tbs oplein om't it delikt net in gefolch is fan syn persoanlikheidsstoarnis en syn problemen mei alkohol en drugs.
De famylje fan Miranda Olivier is skrokken fan de útspraak. Sy ha benammen soargen oer it feit dat de man gjin behanneling krijt foar syn alkoholferslaving en persoanlikheidsstoarnis. De famylje sil it Iepenbier Ministearje freegje om yn heger berop te gean. De fertochte sels is tefreden oer it fonnis en giet nei alle gedachten net yn berop.