Arbeidsynspeksje jout Smellingerlân tik op de fingers

21 jan 2015 - 13:16

De arbeidsynspeksje jout de gemeente Smellingerlân in tik op de fingers as it giet om in feilige wurkomjouwing foar de amtners op it gemeentehûs. Op papier hâldt de gemeente him oer it generaal goed oan de wet, mar yn de praktyk giet der wolris wat mis.

De ynspeksje hat ûndersyk dien nei de arbeidsomstannichheden nei't guon amtners en âld-amtners dêr oan de belle lutsen hiene. Se fiele har net feilich op it wurk. Smellingerlân wurket yntusken wol oan ferbettering, mar de arbeidsynspeksje is noch net tefreden.

Neffens boargemaster Tjeerd van Bekkum fan Smellingerlân komt dat trochdat der in soad 'frijheid' is op de wurkflier, en dat dêrtroch liedingjaanden problemen net altyd itselde ynterpretearje en ferskillend hannelje.

De arbeidsynspeksje easket yn syn rapport in gedrachskoade foar hoe't personiel mei-elkoar omgiet, en fynt dat der in risiko-ynventarisaasje komme moat. Fierder moat de fertrouwenspersoan mear romte en fasiliteiten krije yn de organisaasje. Der moat in ûnôfhinklike klachteregeling komme. Slachtoffers fan net-winske of agressyf gedrach moatte opfongen wurde; der moatte sanksjes opskreaun wurde foar personielsleden dy't har skuldich meitsje oan dat gedrach, bygelyks in berisping, oerpleatsing of ûntslach. Alle personiel moat in training krije hoe om te gean mei agressy en geweld. Smellingerlân krijt in healjier de tiid om de saken op oarder te bringen. Boargemaster Van Bekkum seit dat de gemeente dêr al drok mei dwaande is yn in 'organisatieontwikkelingstraject'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)