Learlingen binne benaud foar nije lienstelsel

21 jan 2015 - 12:35

Studinten krije it kommende stúdzjejier gjin stúdzjefinansiering mear. De Earste Keamer is tiisdei akkoart gien mei it sosjaal lienstelsel. Yn it âlde systeem krigen studinten alle moannen in jildbedrach dat net werom betelle hoegde te wurden as it diploma helle waard.

Yn de nije situaasje moatte in soad studinten liene om har stúdzje bekostigje te kinnen. Bestjoersfoarsitter Willem Smink fan de NHL is net bang foar de nije situaasje. Learlingen fan it gymnasium yn Ljouwert bale fan de nije wet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)