Steaten wolle gjin nije gasboarrings yn Fryske grûn

21 jan 2015 - 12:00

De Fryske Steaten wolle gjin gas mear út Fryske boaiem. Op inisjatyf fan de PvdA-fraksje stimden de Steaten woansdei yn mei in útstel om him hurd út te sprekken tsjin besteande en nije boarringen yn de Fryske grûn.

Oanlieding is it rapport oer de gaswinning yn de omkriten fan Harns. De boaiemdelgong is dêr folle grutter as yn it foar foarsein wie. Om hjir gjin tastannen lykas de ierdbevingen yn Grinslân te krijen, moat der no in stop komme foar it slaan fan nije putten.

Deputearre Sietske Poepjes is bliid mei it inisjatyf, mar makke de Steaten helder dat it net har foech is. Dochs is it boadskip in goed sinjaal nei De Haach ta.

Trefwurden: 
gasboarrings steaten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)