Stikken oer skouboarch De Lawei bliuwe geheim

De ferbouwing fan De Lawei © Sicco Riedstra
In oantal stikken oer skouboarch De Lawei yn Drachten bliuwt geheim. Dat hat de gemeenteried tiisdeitejûn besletten. Boargemaster en wethâlders hawwe yn desimber besletten de stikken net nei bûten te bringen. Se wienen benaud dat tredden der foardiel fan hawwe koenen.
De gemeenteried moast noch ynstimme mei it beslút en hat dat no dus dien.