'Fryske steateleden fersomje njoggentich kear'

© Omrop Fryslân
Fryske steateleden hawwe har meielkoar 90 kear ôfmeld foar in gearkomste. Dat skriuwt De Telegraaf woansdei. De krante hat alle ôfmeldings yn Nederlân op in rychje set. It giet dan om de hjoeddeiske sittingsperioade, dy't yn 2011 begûn. Yn Limboarch melde steateleden har it faakst ôf foar in gearkomste, yn Utrecht it minst faak.
By in grut diel fan de ôfmeldings giet it om ienmansfraksjes, dy't faak gjin ferfanger hawwe. It tal ôfmeldings yn Fryslân leit krekt ûnder it gemiddelde.