CU: "Noait mear tsjinwyn op de Ofslútdyk foar fytsers"

20 jan 2015 - 22:27

De steatefraksje fan de ChristenUnie hat in plan makke om de Ofslútdyk fytsfreonliker te meitsjen foar toeristen. Om't de 32 kilometer lange dyk foar guon fytsers in drege put is, moatte der bussen komme dy't fytsen meinimme kinne.

Op dy wize hoege minsken net mear tsjin de wyn yn te fytsen. Boppedat soenen de bushalten yn Surch en Den Oever útlienpunten krije moatte foar OV-fytsen. En fierder moatte der ek ferskate fytsreparaasjepunten én oplaadpunten foar elektryske fytsen op de rûte komme.

De partij wol dat de provinsje ôfspraken makket mei de busmaatskippij oer it ynfieren fan de OV-deikaart mei fyts. It plan -dat makke is yn it ramt fan it programma De Nieuwe Afsluitdijk- is tiisdei oan de deputearre oanbean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)