Ynfomiddei oer takomst âldereinsoarch yn Ternaard

"Hoe komt it mei de âldereinsoarch yn Ternaard en mei soarchsintrum 'De Spiker' yn it bysûnder?" Dy fraach stie tiisdei sintraal by in tal ynformaasjegearkomsten yn doarpshûs Tunawerth.
Op inisjatyf fan de Werkgroep Ouderenzorg Ternaard kaam der in taljochting op de plannen fan soarchgroep Idesta. Yn gearwurking mei in groep partikuliere ynvestearders bin der twa plannen makke.
It earste bestiet út it oernimmen fan De Spiker út de fallite boedel fan Pasana, mei it doel it soarchsintrum wer by de tiid te krijen en te eksploitearjen.
Mocht dat net slagje, dan is der noch in twadde plan dat foarsjocht yn nijbou fan in lytsskalich soarchsintrum yn Ternaard.