Fier Fryslân nominearre foar Appeltje van Oranje

It projekt 'Werk in uitvoering' fan Fier Fryslân is nominearre foar in Appeltje van Oranje. Mei dit programma wol de opfangorganisaasje de froulju, dy't by Fier wenje, helpe oan in baan.
Dit docht de Ljouwerter organisaasje ûnder oaren mei in e-learning programma, dosinten fan it Friesland College dy't by Fier lesjouwe en staazjes en lear-wurkplakken binnen Fier sels. Ek leare de froulju om in eigen portfolio op te bouwen. It projekt moat der úteinlik foar soargje dat de froulju wer ambysjes krije.
Njonken Fier binne der noch 10 projekten nominearre foar de Appeltsjes fan Oranje, werûnder ek 'Onderweg naar Werk' fan Vluchtelingenwerk Noord-Nederland. De winners wurde yn maaie bekend makke.