Swimbad De Rolpeal yn Warkum giet ticht

Swimbad De Rolpeal yn Warkum giet ticht. It bad is bot fertutearze. Om it iepen te hâlden soe der folsleine nijbou komme moatte. Neffens it kolleezje fan boargemaster en wethâlders is dêr gjin jild foar. Súdwest-Fryslân is oan it besunigjen en nijbou soe in miljoene-ynvestearring freegje. De gemeente sil no ûndersyk dwaan nei de helberens fan de plannen fan it Sportsintrum Súdwest-Fryslân.
De ûndernimmer achter dit fitness-sintrum wol sels graach in swimbad bouwe en de gemeente soe dat foar in part hiere kinne.
Dat der gjin nijbou komt fan De Rolpeal is in grutte teloarstelling foar de stêd Warkum. In pear jier lyn wie de gemeente Nijefurd noch wol foar nijbou, mar dêr is doe gjin budzjet foar frijmakke.
Pleatslik Belang Warkum is min te sprekken oer it beslút fan it gemeentebestjoer fan Súdwest Fryslân. Neffens wethâlder Durk Stoker fan Sudwest Fryslân soe nijbou in pear miljoen euro kostje en dat jild is der gewoan net. Dêrom wurdt sjoen nei plannen fan in ûndernimmer, dy't oan de râne fan de stêd in nij swimbad bouwe wol. Pleatselik Belang is it dêr net mei iens. Neffens harren is dat lêste plan úteinlik folle djoerder foar de gemeente. Pleatslik Belang seit dat der genôch alternative plannen binne dêr't De Rolpeal wol mei iepen bliuwe kin.
It swimbad yn Boalsert kin definityf wol iepenbliuwe. Earder stie ek dit swimbad op de nominaasje om sletten te wurden, mar der is no yn elts gefal oant 1 jannewaris 2018 in oplossing fûn. De stifting Ons Zwembad hat in oerienkomst sletten mei de hjoeddeiske eksploitant Optisport om in part fan it wurk oer te nimmen. Troch de ynset fan frijwilligers kin der goed 100.000 euro it jier besparre wurde. Dat is genôch om it swimbad iepen te hâlden.