PVV en PvdD wolle mûzen bestride mei foksen en mûzefalken

20 jan 2015 - 16:20

De PVV en de Partij voor de Dieren yn de Twadde Keamer tinke dat de mûzepleach yn Súdwest-Fryslân feroarsake is troch de foksejacht. Hjirtroch wurdt de natuerlike fijân fan de mûs útroege en kinne mûzen safolle skea oanrjochtsje. De partijen pleitsje der dan ek foar om de foksejacht te ferbieden.

De PVV tinkt dat it ynsetten fan mûzefalken in oplossing wêze kin. Oant no ta hawwe de mûzen al foar goed 70 miljoen euro oan skea oanrjochte. Moandei wie in grutte aksjedei om omtinken foar it probleem te freegjen.

De FNP en it CDA fan Súdwest-Fryslân freegje yn reaksje op dizze dei oan de gemeente om goed te oerlizzen mei provinsjale en lanlike partijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)