Ljouwerter militêren fierden 375 missys út boppe Irak

De Ljouwerter fleanbasis sjocht mei tefredenheid werom op de IS-missy yn Irak. Mear as trije moanne hawwe sa'n 250 Nederlânske militêren fanút Jordanië dwaande west om mei loftoanfallen, útfierd troch seis F-16's, IS te bestriden. Der waarden mei-inoar 375 missys útfierd boppe Irak. Dêrby binne mear as 200 kear wapens ynset.
Koartlyn kaam it Ljouwerter rezjimint werom. Personiel fan de basis Volkel nimt de taak oer. Neffens de Ljouwerter kommandant fan de missy hat IS in goed organisearre leger.