Automatyske kentekenkontrôle om ynbraken te foarkommen

© ANP
De plysje hat ferline wike yntinsyf de kentekennûmers fan auto's kontrolearre op de Archipelwei, Gerbrandywei, Grinzerstrjitwei en It Vliet yn Ljouwert. De plysje sette de Automatic NumberPlate Recognition ANPR yn mei it doel om ynbraken yn wenhuzen te foarkommen. By de kontrôles kamen ferskate saken oan it ljocht. Bestjoerders mei iepensteane boetes waarden oan kant set en sa koe de plysje 11.577 euro oan iepensteande boetes ophelje.
Acht auto's waarden fan de dyk helle, twa minsken dy't noch sitte moatte waarden oppakt.
Ek is der ien fertochte oanhâlden dy't noch yn it bûtenlân socht wurdt. Mei-inoar binne tolve prosessen-ferbaal útskreaun foar ferkearsoertredings as it riden sûnder rydbewiis en autoride sûnder jildige fersekering.