Grientegruthannel Smeding wreidet út yn Sint Anne

It bedriuw Smeding yn Sint Anne wreidet de kommende tiid flink út. De gruthannel yn griente en fruit krijt der 1500 kante meter oan bedriuwsromte by. Yn de nijbou komt ûnder oare in grientesnijerij. Mei 1500 kante meter ekstra sit Smeding yn Sint Anne oan har grinzen.
Mear romte om út te wreidzjen is der net. It is dêrom mooglik dat it haadkantoar, dat no noch yn Sint Anne sit, op termyn nei in oare lokaasje ferhuzet. Neffens direkteur en eigener Sybo Smeding is de kâns bysûnder lyts dat Smeding ea fuortgiet út Sint Anne.
Smeding sjocht ek al nei útwreidingsmooglikheden yn it bûtelân. De gruthannel sjocht benammen yn België mooglikheden, mar dat is wat foar de langere termyn.