Twa laptops stellen út Ljouwerter skoalle

laptop © Omrop Fryslân
De plysje fan Ljouwert docht ûndersyk nei in ynbraak yn in skoalle oan de Johan de Walestrjitte. Dêr namen dieven yn de nacht fan snein op moandei twa laptops mei. De ynbrekkers kamen der yn troch in rút yn te slaan.
In 53-jierrige frou út Ljouwert hat út namme fan de skoalle oanjefte dien fan de stellerij.