FrieslandCampina wol 'natuerliker buorkje'

20 jan 2015 - 10:14

Friesland Campina, Wereld Natuur Fonds, Rabobank en Fryske Agraryske Natoerferienings wolle eksperimentearje mei in mear natuerlike wize fan buorkjen. Dat moat in grutter ferskaat oan planten, bisten en fûgels opsmite. De hjoeddeistige praktyk fan buorkje mei keunstdong en bestridingsmiddels moat plak meitsje foar in wize fan buorkjen dy't mear ynspilet op wat de natoer docht.

Friesland Campina is ree om dêrfoar út in duorsumheidsfûns te beteljen.

Foar it ekspirimint moatte noch boeren frege wurde troch de agraryske natuerferienings. It soe gean om tolve boeren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)