Lieuwe Westra twadde yn earste etappe Tour Down Under

Lieuwe Westra © ANP
Hurdfytser Lieuwe Westra is tiisdei twadde wurden yn de earste etappe fan de Tour Down Under yn Australië. De fytser fan De Tynje moast nei 133 kilometer yn in einsprint belies jaan oan de Australiër Jack Bobridge. Westra ûntsnapte al betiid yn de wedstriid mei trije oaren.
Yn de einsprint slagge Westra der wol yn om de Austruliër Luke Durbridge en de Rus Maksim Belkov achter him te hâlden. De Tour Down Under is de earste wedstriid fan dit jier yn de wrâldtoer.