Mariatsjerke Foudgum lang om let dochs ferboud

De Mariatsjerke fan Foudgum wurdt lang om let ferboud. Dizze ferbouwing fynt plak yn opdracht fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken. Opfallend aspekt oan de ferbouwing is dat der ek in doarpshûs yn de tsjerke komt. Dat betsjut dat de tsjerke foar mear aktiviteiten brûkt wurde kin.
De arsjitekt sjocht it ûntwerp foar it nije gebou as in echt doarpstsjerkje, mei in hiel eigen karakter.