Perû keapet trije SAR-helikopters fan Nederlân

© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Nederlân hat trije SAR-helikopters ferkocht oan Perû. Ferline wike waard op de fleanbasis fan Ljouwert offisjeel ôfskied naam fan de helikopters en it personiel. Fiifenfyftich jier lang binne de SAR-helikopter ynset by kalamiteiten yn hiel Noard-Nederlân en by it ferfieren fan pasjinten fan de Waadeilannen. Dy taken binne sûnt dit jier oernaam troch kommersjele partijen.
Perû keapet njonken de trije helikopters ek reserve-ûnderdielen, testapparatuer en spesjaal ark. Ein dizze moanne wurde de keapkontrakten tekene.