FNP: rûnwei by Warns oplossing foar ferkearsdrokte

19 jan 2015 - 20:16

De FNP komt yn aksje foar de oanlis fan in rûnwei by Warns. Dy dyk is al jierren in grutte winsk fan de wurkgroep 'Gebiedsontsluiting N359' yn it doarp. Mei in rûnwei soe de oerlêst troch swier (fracht)ferkear in stik minder wurde yn Warns.

De FNP tsjinnet dêrom fan 'e wike in moasje yn, sawol by de provinsjale steatefergadering as by de riedsfergadering yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Dêryn freget de partij oan de polityk om healwei dit jier mei in definitive oplossing foar de ferkearsdrokte yn Warns te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)