Hallumer mienskip wol klear wêze foar de takomst

De oerheid wol hieltyd mear oerlitte oan de lokale omjouwing fan de boarger. Mar troch mobiliteit en moderne kommunikaasjemiddels is dy lokale omjouwing minder wichtich wurden. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Sociaal Cultureel Planbureau dat moandei presintearre waard.
Neffens de stichting Doarpswurk falt it yn Fryslân wol wat ta, benammen troch de eigen taal en kultuer. Lokale bining en ynset fan doarpsbewenners soe hjir dêrom sterker wêze as yn de rest fan it lân.
Yn Hallum, in wat grutter doarp mei 2800 ynwenners, seagen wy moandei hoe't de doarpsbewenners dêr de mienskip op nivo hâlde.