Kramer: gau mûzeskea-taksateurs it lân yn

Deputearre Johannes Kramer wol dat taksateurs fan it Faunafûns gau op paad geane om skea troch mûzen te taksearjen. Dit moat sa gau mooglik dien wurde, want oer in pear wike sette boeren de frees yn de grûn en is skea net goed mear te sjen. Fierder hopet Kramer dat Den Haach byspringt om de skea, yntusken rûsd op 75 oant 80 miljoen euro, te beteljen.
Moandei wie de grute mûze-aksjedei om de polityk sjen te litten hoe grut it probleem is. Ek al wiene der gjin keamerleden, dochs stiet it probleem no wol op de kaart, sa tinkt de organisaasje.