Pier Eringa nije direkteur fan ProRail

Pier Eringa © ProRail
Pier Eringa (53) fan Burchwert is de nije direkteur fan ProRail. Eringa is op it stuit bestjoersfoarsitter fan it Albert Schweitzersikehûs yn Dordrecht. Hy begûn syn karriêre as ynspekteur by de plysje yn Ljouwert. By ProRail is Eringa de opfolger fan Marion Gout. Sy stapte op omdat se muoite hat mei it strakker oanstjoeren fan ProRail troch it Ryk.
Eringa begjint op 1 april by ProRail. Steatssiktaris Mansveld fynt Eringa tige geskikt fanwege syn brede ûnderfining. Sa wurke Eringa ek in skoft by de NS,
Eringa sil by ProRail 207.000 euro fertsjinje. Dat is mear as it maksimum by ProRail, mar Mansveld fynt dat op syn plak fanwege de drege opjefte by ProRail. It bedriuw moat de kommende tiid de kwaliteit fan it spoarferfier en de gearwurking mei ferfierders, oerheden en konsuminte-organisaasjes ferbetterje.
Eringa is no woansdei te gast yn tv-programma Bynt.