'Der leit in krokodil ûnder myn bêd' printeboek fan 2015

'Der leit in krokodil ûnder myn bêd' is printeboek fan 2015 © AFUK
De stichting It Fryske Berneboek hat it boek 'Der leit in krokodil ûnder myn bêd' fan de skriuwers Ingrid en Dieter Schubert útkeazen ta Frysk Printeboek fan 2015. It boek wurdt offisjeel presintearre by de Nasjonale Foarlêsdagen, ein jannewaris yn Blije. It Frysk Printeboek wurdt dan brûkt by ferskate aktiviteiten.
It boek is in oanpassing fan de ferzje oer krokodil Karel út 1980.