Friezen socht dy't hongerevakuees opfongen hawwe yn '44-'45

19 jan 2015 - 13:43

It Fries Verzetsmuseum is op syk nei ferhalen fan Friezen dy't yn de winter fan 1944-1945 hongerevakuees yn 'e hûs hân ha. It Fersetsmuseum komt dit jier mei in nije útstalling oer de Hongerwinter. It is in Fryske ferzje fan de útstalling 'Naar de Boeren' dy't op dit stuit yn it Verzetsmuseum Amsterdam te sjen is.

Yn de eksposysje binne de ferhalen te sjen fan Fryske húshâldings dy't yn de oarloch bern út it westen fan it lân opheind hawwe.

Yn de lêste oarlochswinter binne nei skatting sa'n 8.000 bern as hongerevakuee yn Fryslân opfongen. Moandeitejûn is yn it programma Bynt it ferhaal te sjen fan evakuee Jan Hobby út Amsterdam en syn Fryske pleechsuster Annie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)