Boarre Teun wer noflik thús nei reis ûnder motorkap

19 jan 2015 - 12:44

De Fryske boarre Teun dy't sneontemiddei hûnderten kilometers ôflein hat ûnder de motorkap fan in auto, is wer thús. It bist reizige fanút Twellingea mei nei Den Haach. Teun is fan de famylje De Jong út Twellingea. Frou De Jong hat de swart-wite boarre snein wer ophelle út Den Haach.

Teun hold neat oan syn avontoer oer. Nei alle gedachten krûpte er ûnder de motorkap omdat it sneon snijde en it dêr lekker waarm wie. Katten skine soks wol faker te dwaan.

Trefwurden: 
reis Twellingea boarre Teun
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)