Renovearre baarhúske Doarpstsjerke Huzum op 'e nij iepene

It begraafplak fan de Huzumer tsjerke © Christiaan Triebert
It renovearre baarhúske fan de Doarpstsjerke yn Huzum sil op freed 30 jannewaris op 'e nij iepene wurde. It gebou út 1875 rekke de ôfrûne jierren bot fertutearze. Doe't de tsjerke fan Huzum ferline jier oerdroegen waard oan de Stichting Alde Fryske Tsjerken is de tsjerke troch tal fan frijwilligers folslein renovearre.
Ek it baarhúske waard flink ûnder hannen naam. Kabaretier Rients Gratama sil it gebou iepenje, wêrnei't it tsjinst dwaan sil as opslachplak fan de Doarpstsjerke.