Helphûn is ûnmisber foar soad minsken yn Fryslân

19 jan 2015 - 07:27

De Gouden Loeki foar bêste reklame 2014 gong dit jier nei de KNGF Blindengeleidehonden. De stichting set him al jierren yn foar de oplieding fan helphûnen. Net allinnich foar minsken dy't blyn binne, mar ek foar minsken mei in trauma, hendikep of autisme.

Ek yn Fryslân docht de stichting in soad wurk. Ferspraat oer de provinsje binne der ferskate puppleechgesinnen. Dat binne famyljes dy't in jonge helphûn fan 7,5 wike ôf yn 'e hûs nimme en him de basis leare. De hûn giet dêrnei yn training en wurdt oplaat as helphûn.

Trefwurden: 
helphûn blyn KNGF
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)